Ternaard

De Fryske Fertelbus stie op 24 juny it hiele moarnsskoft by de basisskoalle It Harspit yn Ternaard. Fjouwer ploechjes bern út de groepen 3 en 4 mochten harkje nei it spannende ferhaal, skreaun troch Mindert Wijnstra, oer de jonge Joast dy't in trijkoppige draak ferslacht. Doete Stenekes fertelde it ferhaal sa boeiend dat de bern hielendal yn it avontoer opgiene. Nei ôfrin waarden alle bern stik foar stik útroppen ta held fan de Fertelbus en krigen in medalje omhongen, dy't se sels noch fersiere mochten.
Sjoch hjirûnder foar in tal foto's.

Aanvullende gegevens