Fertelbus

plaatsje 

 It Fryske Berneboek organisearret tal fan aktiviteiten om it lêzen fan jonge bern te befoarderjen. Ien fan de jierliks weromkommende aktiviteiten is it ynsetten fan de Fertelbus. In wurkgroep, fuortkommend út It Fryske Berneboek en Tresoar, hâldt him dwaande mei de organisaasje en útfiering fan dat projekt. Yn 2010 rydt de Fertelbus yn de moannen april, maaie en juny nei pjutteboartersplakken, berne-opfang, skoallen en bibleteken yn Fryslân. It tema is: Ferkear.

plaatsjeDe Fertelbus slút oan by it ferkearsprojekt fan de Tomkewurkgroep. Sjoerdsje Draaijer klaait de bus nei oanlieding fan dat tema oan. De Fertelbus kin foar ien of mear deidielen oanfrege wurde.
Ploechjes fan likernôch 10 oant 15 bern wurde troch in skriuwer/ferteller meinaam nei de Fertelbus en kinne dêr yn it smûke miniteaterke harkje nei Fryske ferhalen. Op dy wize komme de bern op in bysûndere wize yn ’e kunde mei de Fryske berneliteratuer en eventueel mei de skriuwer achter it ferhaal.
Oan ’e oare kant ha de fertellers in streekrjocht kontakt mei it jeugdige publyk en dat jildt oarsom foar de skriuwers. Hoe reagearje de bern op harren ferhaal? It kin foar de skriuwers in oantrún wêze om mei nij wurk út ein te setten.
As de Fertelbus oanfrege wurdt, stelt It Fryske Berneboek promoasjemateriaal beskikber lykas posters en struibriefkes. Yn oerlis wurdt bepraat hokker ferteller yn de bus sitte sil. Nei ôfrin fan it fertelhealoerke krije de bern in presintsje (Tomke kleurplaat of in poster).
Dit jier jier komt de Fertelbus foar it earst ek op it Bildt en yn de Stellingwerven. Dêr kinne de bern dan nei ferhalen yn har eigen streektaal harkje.

Lês mear oer de Fryske Fertelbus >>
Lês mear oer de Bildtse Vertelbus >>
Lês mear oer de Stellingwarse Vertelbus >>