Berneboekesjuery
It goud fan de Aboriginals wer beskikber foar skoallen!
Skoallen kinne it earste diel fan de Traveliersrige: It goud fan de Aboriginals, skreaun troch Auck Peanstra, bestelle by de Afûk. Stjoer in mailtsje nei:
Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
.
De útjouwer hat it boek spesjaal foar de Berneboekesjuery opnij útbrocht.

Berneboekesjuery 2012
De Berneboekesjuery is in mienskiplik lêsbefoarderingsprojekt fan ferskate ynstânsjes: Afûk, Bibliotheekservice Fryslân, Cedin, It Fryske Berneboek, Tresoar en de Pabo’s fan de NHL en Stenden.
Om it jier kinne learlingen fan de basisskoallen meidwaan oan de Fryske Berneboekesjuery. Bern binne de sjueryleden en bepale sels hokker boek en skriuwer de Sulveren Spjelde fertsjinnet.
Fan febrewaris oant en mei april 2012 kinne bern út de groepen 7 en 8 oan 'e slach en oardielje oer fiif spannende en nijsgjirrige boeken dy’t útkaam binne yn de Traveliersrige. Dy rige foar bern fan 10 jier ôf bestiet út:
- It goud fan de Aboriginals fan Auck Peanstra
- Yslik aktyf fan Anny de Jong
- In flitsend hûntsje fan Anny de Jong
- Fûgelfrij yn de Canyon fan Jan Schotanus
- Kantsjeboard op Kurasau fan Auck Peanstra (komt út yn jannewaris 2012)
De ferhalen geane oer de famylje Travelier dy’t de hiele wrâld oer reizget. Mei troch it wurk fan harren heit foar alderhande projekten yn it bûtenlân, komme Hidde en Fardau op plakken dêr’t it aventoer om ’e hoeke leit.
De 'wurkgroep' Berneboekesjuery hat yn jannewaris 2012 folders nei alle skoallen yn de provinsje stjoerd. Dêr stiet de ynformaasje yn oer:
- De lêsperioade
- Koarte ynhâld fan de boeken
- It ynfoljen fan de dielnameformulieren
- De nammen fan de wurkgroepleden
- De priis
Yn juny wurdt de útslach bekend makke. Ut de skoallen dy’t de measte stimmen útbrocht ha op it winnende boek, wurde trije keazen dy’t kâns meitsje op in boekepakket fan € 300,-, € 200,- of € 100,-.
Omtinken foar meartaligens makket bern gefoeliger en alerter op taal.
De Fryske Berneboekesjuery is bedoeld om it lêzen yn de Fryske taal te stypjen.