Meidwaan oan de Berneboekesjuery 2012

Meidwaan oan de Berneboekesjuery 2012

Wat is it moaiste boek?
De bern kieze de moaiste trije boeken fan de rige út. Dy kar folje se yn op it dielnameformulier. Se kinne harren kar beoardielje mei 3 punten foar it bêste boek, 2 punten foar nûmer twa en 1 punt foar nûmer trije.

Hokker skriuwer krijt de priis?
Alle kearen is it wer in spannende saak wa’t de priis winne sil.
De skriuwer fan it winnende boek is altyd wakker wiis mei it oardiel en de wurdearring fan de bern. Mei grutskens drage se de Sulveren Spjeld dy’t yn 2012 foar de 18e kear útrikt wurdt!

Hoe wurket it?

  • De learkrêft bepaalt hoe’t de sjuerytiid oer de perioade ferdield wurde moat. De bern moatte genôch tiid ha om de boeken te lêzen.
  • De boeken moatte beskikber wêze. Dy binne te keap yn de pleatslike boekhannel of by de Afûk. Fansels kinne se ek liend wurde by de bibleteek.
  • De Berneboekesjueryposter fertsjinnet in sichtber plakje yn de klasse yn de perioade dat lêzen wurdt.
  • De learkrêft makket foar alle bern in kopy fan it dielnameformulier.
  • De bern folje, as se de boeken út hawwe, sels it dielnameformulier yn.
  • De learkrêft sammelet alle formulieren en stjoert se, uterlik 30 april 2012, yn ien kear op nei Tresoar. Klear!

Oanmelde

Us fersyk oan de learkrêften is om leafst oan te melden foar 1 febrewaris
Graach uterlik 30 april alle dielnameformulieren fan de learlingen tastjoere nei.

Adres
Tresoar
Bûterhoeke 1
8911 DH  LJOUWERT
Telefoan: 058-7890789
e-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.

Aanvullende gegevens