Guido van Genechten
Yllustrator/skriuwer fan It grutte oankrûpersboek
Guido van Genechten 10 jier oan de top!
Guido van Genechten waard op 19 augustus 1957 berne yn Mol (provinsje Antwerpen-België). Hy folge tekenjen, grafyk en fotografy oan de Academie voor Beeldende Kunsten yn Mol.
Yn 1998 ferskynde it printeboek Rikki fan Guido van Genechten. Mei dat boek waard hy winner fan de ynternasjonale yllustratoarewedstriid ‘Prijs van de Stad Hasselt’. Sûnt dy tiid gong it hurd mei syn ynternasjonale karriêre as yllustrator fan berneboeken. Nei Rikki betocht Guido van Genechten noch in grut tal oare personaazjes: IJsje, Tito Tovenaar, Lytse Kangoeroe, Max, Lyts wyt fiskje… Allegearre waarden it lytse helden yn it libben fan pjutten en beukers, net allinne yn Flaanderen en ús lân mar oer de hiele wrâld. De printeboeken fan Guido van Genechten wurde yn mear as 30 lannen ferkocht.
Yn syn printeboeken bringt hy ienfâldige en werkenbere tema’s yn byld op in kleare en oandwaanlike wize. Syn taalgebrûk en yllustraasje en de goede dosearring tusken beide, meitsje syn boekjes tige tagonklik foar pjutten en beukers.
Dat de boeken fan Guido van Genechten bern en âlders tige oansprekke docht wol bliken út it feit dat it Nederlânske Printeboek fan it jier 2011, De wiebelbillenboogie, ek fan him is. Boppedat waard yn 2007 ek al in boek fan him keazen, likegoed yn it Frysk as it Nederlânsk: De lytse kangoeroe/De kleine kangoeroe.
It grutte oankrûpersboek waard wrâldwiid al yn13 lannen ferkocht.
Njonken It grutte oankrûpersboek binne ek oare titels fan de rige yn it Frysk útjûn
- It grutte poppe-boek
- It grutte poepertsje-boek
- It grutte yt-boek
- It grutte koes-boek
Alle boeken yn dy rige binne allerleafst foar alle âlders/pake’s en beppes en harren (berns)bern. Guido van Genechten lit yn alle boeken in grutte skat sjen: in skat oan poepertsjes, sliepers, koesers en poppen. De pjut Sytse is hieltyd it útgongspunt fan it ferhaal. Hy moat op ’e pot of op bêd, of hy wol graach oankrûpt wurde of hy kriget der in broerke of suske by. Allegear tema’s dy’t foar pjutten tige werkenber binne, út harren deistige libben.
| Fragen, suggestjes of opmerkings foar Guido van Genechten? Klik hjir Of gewoan in e-briefke stjoere (graach wol yn it Hollânsk)? Klik Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. |
Foar mear ynformaasje: sjoch ek ris op de websiden fan Guido van Genechten en Leesplein