Nije Fertelaktiviteit
De Fryske Fertelbus fan Tresoar/It Fryske Berneboek rydt yn 2012 net mear
Nije aktiviteit
Meiwurkers fan Tresoar binne dwaande in nije Fertelaktiviteit te ûntwikkeljen. Oan dy aktiviteit sille ek wer berneboekeskriuwers en oare fertellers meiwurkje. It doel is dat de fertellers op skoalle komme mei ferhalen oer in tema yn in spesjale, teatrale setting. Tocht wurdt bygelyks oan dekor en klean dy’t maklik meinaam en brûkt wurde kinne. Wy hoopje op dy wize in alternatyf te bieden foar de Fertelbus.
Presintaasje
It leit yn de planning om de nije aktiviteit fan ’t maitiid te presintearjen. Skoallen, berne-opfang, bibleteken ensfh. wurde yntiids fan dy presintaasje op ’e hichte brocht. Lykas by de Fertelbus kin de aktiviteit oanfrege wurde en it program yn oerlis ynfolle (oangeande ferteller, groepen, datum, tiid ensfh.).
Wy sjogge út nei in nij jier fol ferhalen.