Start yn Bantegea
Shorttrackheld Sjinkie Knegt iepenet Fertelbus yn Bantegea
Helden, dêr draait it dit jier om yn de Fryske Fertelbus. Helden yn boeken en films, mar ek de helden thús of op skoalle, de grutte en lytse helden dy’t op foar- of eftergrûn harren dingen dogge. Yn Bantegea hawwe se in shorttrackheld: Sjinkie Knegt. Dy held op redens iepene op woansdei 13 april by de skoalle De Reinbôge de Fertelbus, dy't de kommende moannen wer troch hiel Fryslân rydt.
Sjinkie Knegt hat op de iisbanen yn binnen- en bûtenlân al in hiel soad prizen byelkoar riden. Foar de bern yn Bantegea is hy in echte sportheld en dêrom de juste man om de Fertelbus te iepenjen. Op it plein fan De Reinbôge, dêr’t Sjinkie sels âld-learling fan is, draaide hy mei de bern út de heechste groepen op skeelers in tal rûntsjes. Fan skriuwer en ferteller Mindert Wijnstra krige hy in moaie krânse fan papier omhongen. Dy wie makke troch de learlingen fan De Reinbôge.

Alle bern foarmen doe in earehaach oan wjerskanten fan it paad nei de Fertelbus. Under lûd applaus skeelere Sjinkie troch de haach en iepene de bus. De bern fan de heechste groep mochten it earst nei binnen om dêr de tapaslike oanklaaiïng fan Sjoerdsje Draaijer fan Bitgummole te bewûnderjen. Ek bus draait alles om helden yn boeken.

Fertelheld Mindert Wijnstra hie syn jonge publyk samar by de les mei in prachtich ferhaal oer hoe’t it wetter yn de see sâlt wurden wie. Sjinkie en syn freondintsje Fenna van der Wal harken ek mei sân pear earen. Dêrnei mochten de bern allegearre fragen oan de shorttrackheld stelle.
De hiele moarn stie de Fertelbus by De Reinbôge en alle learlingen mochten nei in moai ferhaal fan Mindert Wijnstra harkje.