Buertfeest yn Ljouwert

De Fertelbus wurdt net allinne troch skoallen en bibleteken frege. It ridende fertelteaterke stie sneon 20 maaie bygelyks yn de Foksebuert yn Ljouwert op útnoeging fan de buertferiening. Riemkje Pitstra wie de fertelster foar trije groepen pjutten. It tema fan it buertfeest wie read.
Riemkje sleat mei har ferhalen op it tema fan it buertfeest oan. Foar dy gelegenheid hie hja in prachtige kleurige ferteljas mei in soad bûsen fan de bibleteek liend. Dêr siet in soad read yn ferwurke. Yn de bûsen hie Riemkje ek allegear reade dingen ferstoppe sa as in brânwachtautootsje, in reade Elmo, in ingeltsje, in reade auto en in boatsje.
Tomke siet ek yn in bûse. It mantsje wie klaaid yn in read t-shirt en dat paste moai by it feest. Riemkje tovere út de ferteljas moaie ferhaaltsjes sa as: Reade lippen út de Fryslân. Kornelia woe ek nei it buertfeest. Mar har reade lippestift wie op. Der moast al nije komme fansels. Tomke smarde yn de winkel stikem syn lippen hielendal fol! Dat die de fertelster dus ek. De bern fûnen it prachtich en it paste allegearre moai by harren feest.