Fertelbus yn Stellingwerven

De Fertelbus makket fan ’t jier foar it earst in miny-trip troch de Stellingwerven. Fjouwer skoallen yn de doarpen Elslo, Noardwâlde, Aldeberkeap en Nijeholtpea steane yn it busboekje. De foarlêzers en fertellers binne frijwilligers fan de Stellingwarver Schrieversronte. Se lêze foar yn de eigen taal en út berneboeken dy’t yn de rin fan de tiid al yn it Stellingwerfsk ferskynd binne.
Wethâlder Sierd de Boer sette op moandei 23 maaie  yn Elslo de fertel- en foarlêsaksje útein. Skriuwster Herma Egberts en meiwurkster fan de Schrieversronte Albertha Zwaagstra namen it fan him oer.  (lês mear >>>)

Hjirûnder in lytse foto-ympresje fan de Stellingwerver foarlêsaksje.

Aanvullende gegevens