Achlum

Fertelbus yn sintrum fan de wrâld

De Fryske Fertelbus stie sneon 28 maaie de hiele dei yn Achlum en dus tagelyk efkes yn in sintrum fan de wrâld. De grutte fersekeringsmaatskippij Achmea bestiet 200 jier. Dêrom wie it feest yn it doarp dêr’t it bedriuw yn 1811 troch Ulbe Piers Draisma oprjochte is. In pear tûzen gasten fan de hiele wrâld fierden it feest mei. Ien fan de bekendste gasten wie fansels Bill Clinton, de Amerikaanske âld-presidint.


Op útnoeging fan Achmea wie de Fertelbus dus ek yn Achlum. Sjauffeur Hylke Claus stjoerde it ridende teaterke lâns allegearre obstakels en hindernissen nei it skoalplein. Dêr ûntfongen de ferhalefertellers Riemkje Pitstra en Mindert Wijnstra om bar in hiel soad harkers, jong en âld. Riemkje wie mei har kleurige ferteljas in earsten eachfanger foar fototastellen en kamera’s. Mindert makke de middeis noch in tal ferteltochten troch de buorren. En Bill Clinton? In moai Frysk ferhaal hie hy gjin tiid foar, mar hy krige yn Achlum al letterlik de wyn fan foaren...

Aanvullende gegevens