Easternar Hommelhôf
It boeke- en televyzjemantsje Tomke mei syn freontsjes Romke en Kornelia binne tige populêr by de lytse bern yn Fryslân. En as ien fan de betinksters en skriuwsters fan de Tomkeferhaaltsjes der sels noch oer komt te fertellen kin de dei net mear stikken. Riemkje Pitstra wie op 6 juny mei de Fryske Fertelbus yn Eastermar, by it pjutteboartersplak Hummelhôf en basisskoalle De Bolster. Yn har prachtige ferteljas en mei har ferhaaltsjes hie se de bern samar yn de besnijing. Hjirûnder in tal foto's fan de besite.




