Fertelbus

Helden is it tema fan de Fryske Fertelbus yn 2011. Fan april ôf rydt de Fertelbus fan It Fryske Berneboek en Tresoar wer troch Fryslân! De bus is oant heal july beskikber foar: bibleteken, pjutteklassen, berne-opfang, basisskoallen en oare ynstânsjes.

Fertelle en foarlêze
Bern, lyts of grut; se kinne der net genôch fan krije…
Se identifisearje harren mei de haadpersoanen yn in ferhaal en belibje de aventoeren suver sels. Troch it fertellen fan ferhalen wurde op boartlike wize fantasij, taalûntwikkeling en wurdeskat stipe.
Bern binne taalgefoelich. As geregeld foarlêzen en ferteld wurdt, ek yn it Frysk, komme se yn ’e kunde mei meartaligens. Bern dy’t meartalich opgroeie ha it letter meastentiids makliker mei it learen fan frjemde talen. Se binne fleksibeler en nimme flugger op.
Dêrom is it sa wichtich dat in soad omtinken oan fertellen en foarlêzen jûn wurdt, ek yn ús eigen taal.

 

Superhelden
Yn 2011 is de Fertelbus ynrjochte nei oanlieding fan it tema fan de Berneboektiid: Superhelden en oer  flink wêzen. Eins binne alle haadpersoanen yn de boeken (lytse) helden. It bart faak dat dy jonges en/of famkes wat bysûnders belibje en dat se yn aksje komme moatte om in aventoer goed ôfrinne te litten. Miskien kinne de bern, foar’t se nei de ferhalen  yn de bus harkje, sels ek ris neitinke oer harren grutte, flinke of leave boeke-, sport-, of moedige held. Faaks dat de ferteller dêr mei oan ‘e slach giet.

De mooglikheden
De Fertelbus kin ynhierd wurde foar in deidiel mei in skriuwers- of fertellersprogram. Dit jier is de rige fertellers dêr’t út keazen wurde kin aardich útwreide. Freegje mar nei de mooglikheden. De moai oanklaaide bus kin ek sûnder program hierd wurde. Dan kin in pleatslike foarlêzer/ferteller, bygelyks in bibleteekmeiwurker, ûnderwizer(es), liedster of in bekende persoan út eigen omjouwing, oan ‘e slach.
Fertellers dy’t graach mei de bern yn de ferhalewrâld dûke binne bygelyks: Riemkje Pitstra, Auck Peanstra, Lida Dykstra, Geartsje Douma, Siets Ypenga, Mindert Wijnstra, Jetske Miedema, Machiel Braaksma, Anny de Jong ensfh. De Fertelbus kin fierder oan in projekt yn pjutteboartersplakken, berne-opfang en skoallen keppele wurde. In projektwike oer helden en as ôfsluting in besite fan de Fertelbus.

Kosten

Foar it gebrûkmeitsjen fan de Fertelbus mei in skriuwer/ferteller, rekenje wy € 150,00 (eks. BTW) per deidiel.
Foar € 75,00 (eks. BTW) kin foar ien deidiel de Fertelbus hierd wurde mei allinne in sjauffeur. Dan is it mooglik sels in program mei pleatslike fertellers yn te foljen. In heal deidiel (bygelyks foar in pjutteboartersplak) kostet mei skriuwer € 100,00 (eks. BTW) en sûnder € 50,00 (eks BTW).
De Fertelbus kin foar in pjutteboartersplak stean, foar de Berne-opfang, in skoalle, in doarpshûs of in oar gaadlik plak. (Ynformearje nei de mooglikheden yn de gemeenten.)

Mear ynformaasje?
Freegje by It Fryske Berneboek nei de mooglikheden of reservearje alfêst op it oanfraachformulier en stjoer dat sa gau mooglik (leafst 3 wiken foar de oanfraachdatum) nei:

 

It Fryske Berneboek
Postbus 1311
8900 CH Ljouwert
Tel: 058-7890789
E-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.

Aanvullende gegevens