It Mûzehûs
It Mûzehûs
Auteur: Karina Schaapman
oerset troch: Mindert Wijnstra
2012 Friese Pers boekerij
ISBN : 978 90 3300 341
Oeral mûzen yn ‘e hûs
Mear as hûndert keamers hat it Mûzehûs, dat Karina Schaapman yn elkoar nifele hat. En nifeljen wie it foar de Amsterdamske skriuwster en fjochtster tsjin prostitúsje en syn gefolgen. Elk kin dat sjen, òf yn de OBA-bibleteek yn Amsterdam òf fia de spesjale website by it hûs: hetmuizenhuis.nl
Snot en triennen
Auteur: Baukje Wytsma
Yllustraasjes: Babs Wijnstra
ISBN: 978 90 6273 892 2
25 bekende en ûnbekende gedichten om te lêzen of foar te dragen foar bern út de boppebou en âlder.
Fryske fariant
De bondel Snot & triennen en oare gedichten befettet in kar út bekende en ûnbekende gedichten fan Baukje Wytsma. Dêrby hat de dichteres it each op bern út de boppebou fan de basisskoalle en âlder.
Hein en syn hin
Auteur: Rients Gratama
yllustraasjes: Carla van der Heijde
ISBN: 9789033009945
Rients Gratama skreau it ferhaal oer it jonkje Hein en de aventoeren mei syn hintsje en Carla van der Heijde makke de tekeningen.
Kantsjeboard op Kurasao
De Traveliers belibje it wer!
Sa stadichoan hawwe de Traveliers al hiel wat reizen makke nei eksoatyske en wat gewoanere bestimmingen. De rige oer dizze reizigersfamylje jout spannende aventoeren en sa tusken noas en lippen wei ek ynformaasje oer de oarden dêr’t se komme. Heit moat foar syn wurk faak nei dy lannen. Syn húshâlding mei mem, Hidde en Fardau krijt sa in unike gelegenheid om wat fan de wrâld te sjen.
Mol hat in geheim

It is prachtich om in geheim te hawwen. Sa geheim dat sels Mol syn bêste freonen der neat fan witte. Mar dan ûntdekke se it: Mol hat in freondintsje.
It romantysk yllustrearre printeboek hat in âlderwetsk moralistysk kleurke meikrige: freonskip is om te dielen en net om foar jinsels te hâlden.
Jant van der Weg
Friesch Dagblad, 21 jannewaris 2012
Jancko Douwama: in soan fan Aldeboarn
Auteur: Mindert Wijnstra
Yllustraasjes: Natascha Stenvert
Durk, in jonge út Aldeboarn, komt troch in frjemde meneuvel mei de metaaldetector telâne yn it Fryslân fan de 16e ieu. Dêr is it allegearre reboelje. Stinshearen en famyljes befjochtsje elkoar op libben en dea.
tomke foarlêsferhaaltsjes
Auteurs: Auck Peanstra en Riemkje Pitstra
Yllustraasjes: Luuk Klazenga
ISBN: 978 90 6273 878 6
Hat Tomke in gat yn 'e búk?
Is der ek rôze snie?
Yt Kornelia wjirms?
Wêr is Tomke syn koesbear?
Stip nei de pleats
Auteur: Eric Hill
Oersetting Rindert Straatsma
ISBN: 978 90 6273 864 9
Stip is by syn heit, dy't op de pleats wurket en fynt dêr allegear jonge bisten.
Foar jonge bern fan 2 jier ôf.
2011, nije printinge, Afûk, Ljouwert
Priis: € 8,95
Lûden op 'e pleats
Auteur: Eric Hill
Oersetting: Gerda van der Wijk
ISBN: 978 90 6273 883 0
Stip helpt syn heit Simen hjoed op 'e pleats. De bisten meisje in protte lûd, mar de trekker fan Simen is it alderlûdst. Druk op 'e knop en hear de motor rinnen!
2011 Afûk, Ljouwert
Priis: € 11,99
Mol yn 'e snie
Auteur: Jonathan Emmett
Yllustraasjes: Vanessa Cabban
Oersetting: Hermien van der Meer
ISBN: 90 6273 669 6
Mol giet op ûntdekkingsreis yn de snie en fynt wat hiel moais...
Hat it te krijen mei toverkrêft?
Renske wol stoer wêze.
Auteur: Paul van Dijk
ISBN: 978 90 6273 882 3
Renske is krekt ferhuze en it slagget har mar net om freonen te meitsjen.
Pake Marius jout rie. Mar kin Renske eins wol wat mei dy rare advizen fan pake en wat hat dat mysterieuze boek der mei te krijen?