Nasjonale Foarlêsdagen

fan 18 oant en mei 28 jannewaris

Yn guon skoallen wurde de Nasjonale Foarlêsdagen begûn mei in ferhaal en in brochje. Bern genietsje dan net allinne fan in moai ferhaal mar happe tagelyk yn in lekker broadsje. Meielkoar ite en harkje nei ferhalen fan miskien wol in bekende Fries, immen út it doarp/stêd of juf/master.

Der is in grutte karút oan berneboeken. Om in geskikt Frysk ferhaal hoecht ek net lang socht te wurden.  Fryske berneboeken biede prachtige ferhalen foar bern fan lyts oant grut. In moai foarbyld is it

Frysk Printeboek fan it jier 2012
Wy geane hjoed op bearejacht
fan Michael Rosen en mei tekeningen fan Helen Oxenbury
Klik op it plaatsje hjirnjonken om in tal siden út it boek te besjen!

Sjoch foar mear ynformaasje en ferwurkingsideeën oer dit boek, mar ek oer oare ferhalen fierder op dizze side.

Foar de middenbou kin it harkboek Gefaarlik spul foar Mentha Minnema mei ferhalen fan ferskillende skriuwers, fergees downloaden wurde. Klik op de link www.audiofrysk.nl, dêrnei op berneboeken (boppenoan de side) en ferfolgens op de Mentha Minnema rige. By it oanklikken fan No fergees in MM dellade, kinne de oanwizings fierder folge wurde.

Foar learlingen út de groepen 7 en 8 binne twa ferhalen beskikber út
De oerwinnings fan Tido Houtsma fan Thys Wadman.
Fierderop op dizze side binne de ferhalen Fûgeltsje en De Held te finen.

Op dizze side ek mear ynformaasje oer de skriuwers fan

  • Wy geane hjoed op bearejacht
  • Gefaarlik spul foar Mentha Minnema
  • De oerwinnings fan Tido Houtsma

Yn de Nasjonale Foarlêsdagen falt ek de Nasjonale Gedichtedei. Op 26 jannewaris wurdt omtinken jûn oan gedichten foar jong en âld.
Bern binne sljucht op opsisferskes en ferskes. Foar harrren mei it alle dagen wol gedichtedei wêze. Sykje jo om ferskes en gedichtsjes dy't bern oansprekke? Pak dan de bondel Krobbekoer der ris by. Mear ynformaasje oer dizze opnij útbrochte bondel (no cd mei teksten) op dizze side.

Foar in oersjoch fan geskikte boeken foar jonge bern: sjoch by Boekelist

Wy winskje jim gesellige foarlêsdagen ta mei prachtige Fryske ferhalen

Aanvullende gegevens