Ferhalen foar bern fan 10 oant 12 jier

Ut: De oerwinnings fan Tido Houtsma
Thys Wadman

Fûgeltsje

‘Mar tink derom,’ sei master Tsjerk, ‘wy bliuwe byelkoar! Jim hoege fansels net elkoars hantsjes beet te hâlden of mei syn trijen kreas yn in rychje te rinnen, mar ik ha der gjin nocht oan om mei in stel healwizen op ‘en paad te gean!’
Master seach ús oan.
‘Is dat dúdlik?’ frege er.
Wy knikten. Ja, dat wie ús wol dúdlik. Ik seach nei Jetse. Dy gniisde wat stikem. Ik frege my ôf, oft it foar him ek dúdlik wie.

Wy hienen de jassen al oan.
‘Wa ’t noch even nei it húske moat, dan no. No kin it noch. Aansens kin dat net mear,’ warskôge master.
Trije famkes setten ôf. Net ien fan de jonges hoegde.
Jonges hoege net sa faak. Dy hawwe in folle sterkere blaas, tink ik.
Mar dat wit ik fansels net seker.
Even letter gongen wy fuort.
It wie wol wat frjemd om út skoalle te gean, wylst de oare bern dêr bleauwe moasten. Bern út oare klassen seagen dan ek jaloersk nei ús, wylst wy flak foar de ramen fan harren lokaal lâns rûnen.
Jetse koe it fansels wer net litte. Hy weau en stuts syn middelfinger op. Master Tsjerk seach it net.
Ik seach nei syn fuotten. Hy hie hjoed net syn gewoane giele klompen oan, mar fan dy brune Sweedske klompkes.
Foar gjin goud soe ik sels sokke dingen oan ha wolle. Mar se hearden wol by Jetse, fûn ik.
Ik hie him noch noait op gewoane skuon sjoen.

Wy gongen op ‘e fyts nei it stasjon. En dan mei de trein nei de stêd.
Nei it Natuermuseum.
Net ien út de klas hie der alris west, útsein ik.
`Want ik hâld fan de natuer. Foaral fan fûgels. Mar ast dy sjen wolst, moatst eins net nei in museum. Dan moatst de echte natuer yn.
Mar as se yn in museum steane, kinst se fansels wol moai fan hiel tichtby besjen.
De treinreis wie wol leuk.
Master Tsjerk hie de kaartsjes earder al by it grutte stasjon yn de stêd besteld, dus koene wy sa de trein yn. De famkes sieten allegearre byelkoar en de jonges ek. Breedút op ‘e banken. Omdat ik as lêste de trein yn gong, paste ik der net mear by. Ik moast dus apart sitte.
Mar dat fûn ik net slim, want sa koe ik moai út it raam sjen.
Wy wiene noch mar krekt ûnderweis, of de tassen fan de bern gingen iepen en it snobbersguod en de blikjes krinken kamen der út. Ik hie in ligakoek yn de bûse, mar ik hoegde no noch neat. Master helle in krante út syn linnen taske en die krekt of siet er te lêzen.

Yn de stêd moasten wy noch in aardich ein rinne.
‘Wêrom ha se dat stomme museum net tichter by it stasjon delsetten?’ frege Jetske.
Se hime deroer. Se wie eins fierstente dik en elke stap dy’t se dwaan moast wie har ien te folle. Der kaam gjin antwurd op har fraach, want net ien wist dat.
Foar it museum moasten wy wachtsje.
Master Tsjerk gong deryn en wy stienen op strjitte. Yn de grutte stêd.
In âld wyfke toffele stadich by ús lâns. Mei har rollator.
Wy seagen har nei.
Doe’t se foarby wie rôp Jetse:  ‘Rint dat no noch wat lekker, sa’n rollade?’
Alle bern laken, mar ik net. Us beppe hat ek in rollator en dy fynt dat sels hielendal net leuk.
It wyfke seach even om mar sei neat.
‘Se is ek noch dôf, leau’k,’ sei Jetse, ‘dus dûbel handikapt!’
De bern laken wer.
Op dat stuit kaam master Tsjerk wer nei bûten.
‘Jim meie deryn,’ sei er, ‘kom mar achter my oan!’

Wy folgen him.
Yn de hal krigen wy in walkman en in wurkblêd. Ik hâld net fan wurkblêden. En seker net yn in museum. Mei wurkblêden moatst altyd in fêste rûte rinne en dêr fyn ik niks oan.
Swalkje en strune troch in museum, dat is folle leuker.
Lútsen kaam daliks op my ôf.
Hy wiisde nei my en dêrnei nei himsels. Ik nikte. Tegearre mei Lútsen troch it museum, dat woe ik wol. ‘Mar ik wol it earst nei de fûgels,’ sei ik.  ‘Bêst,’ sei Lútsen.
Hy die de koptelefoan op en sette syn walkman oan. Ik sette de koptelefoan ek op myn holle, mar de walkman brûkte ik net.

Ik wist it paad wol yn it museum en wy wiene al gau by de fûgels.
Allegear soarten stienen dêr, guon hongen mei hast ûnsichtbere triedsjes oan it plafond.
‘Wat in soad fûgels by elkoar net?’ sei Lútsen.
‘Ja,’ sei ik, ‘Mar eins kloppet dat net. Yn de echte natuer silst dit noait sa sjen. Sangfûgeltsjes, seefûgels en rôffûgels sa ticht byelkoar, bedoel ik.’
Lútsen knikte. Sa hied er it noch noait besjoen.
Ynienen seach ik it lytse fûgeltsje. It stie foaroan en seach my oan mei moaie, heldere kraaleachjes. En prachtige, reade fearkes. Hy hâlde syn kopke in bytsje skeef.
Ik hold myn holle ek wat skeef en wy seagen elkoar oan.
‘Hy sjocht my echt,’ tocht ik. ‘Wat spitich dat er hjir yn in museum stiet. Sa’n moai bistke heart bûten te wêzen, yn ’e natuer. Dy heart hjir net.’
Ik gong noch wat tichter nei him ta. Sa koe ik him noch better besjen.
‘Hè, frjemd,’ tocht ik ynienen. It like wol oft it fûgeltsje in bytsje bryk wie.
Der siet in knikje yn syn iene poatsje.
Ik bûgde my foaroer, er it stekje, dat der foar stie.
‘Hâld my ris even fêst,’ sei ik tsjin Lútsen.
Lútsen pakte my by myn jas. Sa koe ik der krekt by.
‘Wat dochst?’ frege Lútsen.
Ik sei neat mar hong no hielendal foaroer. Mei ien hân hold ik my fêst oan it stekje en mei de oare hân bûgde ik it poatsje foarsichtich wer rjocht.
En doe barde it. It poatsje bruts der samar ôf.
It fûgeltsje balansearre hiel even op ien poatsje. Ik seach it lytse lyfke hinne en wer trjiljen.
Doe sakke it hiel stadich foaroer en bleau lizzen. Syn kopke lei no op ‘e grûn.
De lytse eachjes seagen my oan.
‘Sukkel! Do hast syn poat der ôfbrutsen!’ rôp Lútsen.
Ik sei neat. Ik hie it gefoel dat ik wat freesliks dien hie.
Ik fielde myn fuotten trjiljen.
‘Kom, wy moatte hjir wei!’ sei eren hy luts my mei.
Mei de koptelefoan op rûnen wy troch it museum.
Der wie fan alles te sjen, mar it ynteressearre my net mear. Ik wie hieltyd mei it fûgeltsje dwaande.
Yn ien fan de sealen kamen wy master Tsjerk tsjin.
‘Slagget it wat, jonges?’ frege er.
‘Ja bêst,’ sei Lútsen.
Ik sei neat.
‘Oer in healoere moatte jim yn de hal komme,’ sei master, ‘dan geane wy fuort. De wurkblêden moatte jimme meinimme nei skoalle, dan kinne wy se dêr meielkoar neisjen.’

Wy hawwe noch in skoftke troch it museum dangele, mar foar my wie de lol der goed ôf.
Ik fielde as hie ‘k in misdied begien. Lútsen en ik binne noch twa kear nei de fÛgelseal rûn. Omdat ik dat beslist woe. Om noch even nei it fûgeltsje te sjen.
It fûgeltsje seach my noch wol oan, mar it like wol oft syn eachjes oars stiene.
‘Rotsak, do hast my mishannele!’ like it bistke te sizzen.

Even letter gongen wy werom. Alle bern wiene entûsjast oer wat se sjoen hiene. Sels Jetse hie it moai fûn yn it museum en dat woe wol wat sizze.
Yn de trein werom waarden de antwurden fan de wurkbleêden al besprutsen.
Myn wurkblêd siet yn myn bûse. Der stie neat op, mar dat koe my neat skele. Ik koe allinnich noch mar oan it fûgeltsje tinke, dat no op ien poatsje fierder moast.
‘Hy is hieledal handikapt,’ tocht ik. ‘Hy is opsluten yn in museum en hy is ek noch in poatsje kwyt. En ik, Tido, haw dat dien!’
Ik hie honger.
Wêr hie ik myn ligakoek? Ik fielde yn de bûse fan myn jas.
Hé, wat wie dat? It like wol in tûkje. In lyts tin tûkje. Of in stikje tried.
Ik helle it derút en beseach it. Foarsichtich, yn de binnenkant fan ‘e hân.
En stikem, omdat de oare bern it net sjen mochten.
Ik skrok en knypte myn hân gau wer ticht.
Hoe koe dat no? Hoe kaam ik dêr oan/
Ik fielde dat ik in reade holle krige.
Stadich gong ik oerein en draaide it rút fan de trein iepen.
‘Wat is it waarm hjir!’ sei ik.
Ik stuts myn beide hannen nei bûten en wappere der wat mei.

It bleau earst plakken oan my switterige hannen, mar troch de wyn liet it even letter los.
‘Sa is hy dochs wer in bytsje werom yn de natuer,’ sei ik tsjin mysels.
‘Ien handikap minder.’
Ik draaide it rút wer ticht.


De held

‘En no giest derhinne en do seist der wat fan!’
Oan har stim koe ik wol hearre, dat ús mem poerlilk wie.
It bleau even stil. Us heit sei neat. Miskien die er wol oft er sliepte.
Mar ús mem trape der net yn.
‘D’r út do! En no der hinne!’ rôp se. ‘Doch der wat oan! Sa kinne de jonges net sliepe en wy ek net! Dy hufters mei harren rotlawaai! Derhinne Johannes! No!’
Ik hearde ús heit oerei kommen fan it luchtbêd.
Dat foel noch net ta. Seker net yn in fouwwein. It hiele ding skodde en kreake.

Wy stienen no al mear as in wike op de camping.
‘ De Branding’ hjitte it hjir, mar der wie yn gjin fjilden of wegen brâning te sjen. Of see. Wetter wol, want it reinde al trije dagen.
Om de tinte hinne hie ús heit in goatsje makke.
Sa koe it reinwetter better fuortrinne.
Hy wie der wol in hiele dei mei dwaande west, mar it wurke goed. It wetter bleau bûten en yn de tinte wie it droech.
‘Dy fouwwein is in prima ding en it is in prachtige camping,’ hie omke Harke sein.
Hy stie der sels ek altyd yn ’e boufak. Mar dit jier net, want hy gong no nei Turkije ta.
Want dat wi o sa goedkeap, sei er. Dêr koest de hiele dei ite en drinke en dat hoegdest net iens te beteljen. En dêrom mochten wy syn fouwwein wol twa wiken brûke.
Ik fûn it wol leuk.
Myn broer Jildert woe earst net, mar doe’t er hearde dat der ek in disko op de camping wie, woe er wol mei. En dy disko wie flakby. Ut ús foartinte wei wie it net iens tweintich meter rinnen.
Jildert koe eins ek wol yn de foartinte bliuwe, want dêr koest de disko-dreunen ek hiel goed hearre. Nachts om ien oere hold de disko op. Dan pas koene wy ús deljaan.

Jildert en ik sliepten yn de foartinte en ús heit en mem achter yn de fouwwein.
Wy soene earst yn in boarterstintsje, mar omdat it waar sa min wie woe ús mem dat net lije.
It wie sneon en it hie trije oere west en de diskojingeren wiene al lang nei harren tinten.
Mar it wie net stil op ’e camping.
Yn de tinte neist ús sieten Dútsers. Allegear mannen.
In stik as fjouwer, skatte ik. Oerdei seachst se net, mar jûns en nachts hienen se in protte leven.
Yn it begjin sei ús mem der neat fan. Us heit hearde it net of hy die krekt oft it him net steurde.
‘Och, dy mannen ha ek fakânsje,’ sei er, as ús mem wer ris oer de buorlju seurde.
‘En as de drank syn wurk goed docht, binne se aanst wol stil!’
Mar dy drank wurke seker net sa goed, want se wienen noait stil.
Ik koe gjin wurd fan dat Dútsk ferstean.
Ik tink dat se de hiele dei moppen fertelden, want se moasten ek hieltyd om elkoar laitsje. Doe’t ik mei ús mem yn de kampwinkel wie, hie ik twa fan dy mannen wol sjoen.
Se hiene harren winkelkarke hielendal folladen mei blikjes bier.
En ús mem hie se yn ’e winkel in pear kear hiel lilk oansjoen, mar dat hie net holpen.
En Dútsk prate, dat koe ús mem net, tink ik. Of se doarde it net. Oars hie se der sels wat fan sizze kind.
Mar no wie it nacht en de Dútsers yn de tinte hienen alwer in feestje.
En ús mem wie lilk, poerlilk.
Ik stjitte Jildert oan.
‘Wekker wurde!’ flústere ik, ‘no kinst laitsje! James Bond komt yn aksje!’
‘James Bond? Wat bedoelst?’
‘Us heit is razend, hy giet no nei dy Dútsers ta. Om se út te skeakeljen.
Krekt sa’t James Bond docht mei syn fijannen!’
Us heit like hielendal net op James Bond yn syn streepte pyama, mar der kaam wol aksje. Foarsichtich slûpte hy troch de foartinte, dêr’t myn broer en ik diene oft wy leine te sliepen. Jildert snoarke earst even om dat oan ús heit dúdlik te meitsjen.
Ik moast derom laitsje en luts myn sliepsek oer ’e holle.
Us heit kipe earst ris troch ús plestik rútsje. It wie beslein en hy seach neat.
‘Ik leau dat se stil binne, Hinke,’ flústere hy.
‘Fansels net!’ rôp ús mem, ‘miskien binne se wol te pisjen of sa. Dalik bejinne se wer!
Gean derhinne en weef dermei ôf! Ik wol sliepe!’
Us heit bleau foar it rútsje stean en wachte. Mar der barde neat.
Doe waard ús heit kâld, tink ik, want hy gong werom nei syn luchtbêd.
Krekt doe’t er him omdraaid hie, begûn de hiele tinte neist ús wer te laitsjen. It wie grif wer in goede mop, want se laken allegearre omraak.
Us heit dien no hiel stadich de rits fan de foartinte iepen.
Jildert en ik kamen omhech út ús sliepsekken.
Ik gong oan, ús heit soe optrede en dat woenen wy fansels net misse!
Us heit slûpte op bleate fuotten nei bûten. Jildert en ik krûpten út ús sliepsekken en gongen op ’e knibbels nei it plestik rútsje. Ik fage it kondinswetter derôf. Sa koene wy alles goed sjen. Hy stie no neist de Dútske tinte, mar hy die noch neat.
‘Wat docht er?’ flústere ik.
‘Hy bepaalt no syn stratezjy,’ sei Jildert, ‘dat docht James Bond ek altyd as er problemen hat!’
Ik knypte myn noas ticht, sa moast ik laitsje.
Us heit slûpte no om de bungalowtinte fan de Dútsers hinne.
Yn it skynsel fan it ljocht fan de lantearnepeal fierderop seagen we him gean.
Yn syn streekjespyama.
‘Soe James Bond nachts ek in steekjespyama oan ha?’ frege ik.
‘Ik tink it net,’ sei Jildert. ‘Neffens my hat James Bond noait in pyama oan!’
Ik seach Jildert ferheard oan.
‘Wat bedoelst?’ frege ik.
‘No, as er nachts sa’n stomme pyama oan hat, soe er ek noait sokke moaie froulju krije yn syn films. Dy soene dan hiel hurd fuortdrave, tink ik!’
Dêr hie’k noch noait oer neitocht. Oer James Bond en oer syn pyama.
Mar miskien hie Jildert wol gelyk.
Wy laken.
‘Us heit liket mear op in sebra,’ sei Jildert, ‘wat wol er no?’
De Dútsers yn ’e tinte hiene neat yn ’e rekken.
Se hiene noch de measte wille en it like der ek net op dat harren feestje hast ôfrûn wie.
Wy koenen no ús heit net mear sjen. Hy wie achter de tinte ferdwûn.
Mar even letter wied er der wer.
Wen wy seagen dat er ien foar ien alle hjerrings fan de tinte út de grûn luts. Yn in pear tellen wied er om de tinte hinne.
‘James hat de gong deryn, leau ’k!’ sei Jildert.
Ik sei neat.
Even letter kaam ús heit ús tinte wer yn.
Hy die hiel foarsichtich de rits ticht en skeat troch de foartinte de fouwwein yn.
Hy hie ús net iens sitten sjoen.
Wy bleaunen sitten en seagen nei bûten. Der wie earst neat te sjen.
Te hearren wol, se hiene noch hieltyd de measte wille. Mar doe barde it.
Jildert en ik seagen it beide. En it wie krekt oft alles yn slow-motion gong.
Hil stadich sakke de tinte fan de Dútsers ynelkoar. Earst de kant dêr’t de yngong siet en dêrnei de rest. Mei in protte gerammel foelen alle tintstokken dêrnei nei foaren en nei achteren. Wy hearden  ien fan de Dútsers flokken.
Even letter wie der gjin tinte mear, mar lei der allinnich mar in grutte foarmleaze bulte tintedoek.
Ien fan de Dútsers siet noch yn sn klapstoel.
Koest syn foarm dúdlik sjen. It like wol in spoek.
Jildert en ik seinen neat, mar seagen inkeld. Nei in nuver skouspul, midden yn ’e nacht.
Wat soe der no barre? Soene se nei bûten komme? En de dieder fan dizze oanslach gripe?
It gefjocht oangean mei James Bond? Him foar ienris en foar altyd útskeakelje?
Mar der barde neat. It wie hielendal stil en it bleau stil.

Ik wit net hoelang oft wy dêr sitten ha. Miskien wol in healoere. Al dy tiid barde der neat.
‘Ik leau it wol,’ sei Jildert doe en hy krûpte werom yn syn sliepsek.
Ik ha der noch in skoftke sitten, mar bin letter ek mar werom gongen nei myn sliepsek.
Doe’t ik de oare moarns wekker waard, wie it foar de feroaring prachtich waar.
De Dútsers wienen al fuort. En de tinte ek.
Us heit siet al bûten foar de tinte. Noch yn syn streekjespyama.
Sy foet hie er yn in bakje wetter en yn syn hân hold er in pakeje Biotex.
‘Wat no, sil heit waskje?’ frege ik. Mar ús heit sei neat.
‘Eh nee, ju,’ sei ús mem, ‘heit hat fannacht in lyts ûngemakje hân. Hy hat yn in hjerring trape en no hat er in hiele dikke foet.’
Us heit seach my oan en skodde stadich mei syn holle.
Ik wie grutsk op him.
Dêr siet er. James Bond. Yn syn streekjespyama. Mar hy hie se stil krigen!
De boeven wiene fuort. Ferslein.
Us heit wie myn held.

 

Aanvullende gegevens