Ferwurkingstips
Spultsje by: Wy geane hjoed op bearejacht
Op bearejacht!
De learkrêft seit in rigel foar, de learlingen sizze it nei.
Dat dogge se wylst se yn in lange rige omrinne. Se byldzje út wat der sein wurdt.
Learkrêft: Wy geane hjoed op bearejacht
Learling: Wy geane hjoed op bearejacht
Learkrêft: Wy binne net bang
Learling: Wy binne net bang
Learkrêft: Wy hawwe pylk en bôge
Learling: Wy hawwe pylk en bôge
Learkrêft: En bilen ek
Learling: En bilen ek
Learkrêft: Wy komme by in hege berch
Learling: Wy komme by in hege berch
Learkrêft: Wy kinne der net ûndertroch
Learling: Wy kinne der net ûndertroch
Learkrêft: Wy kinne der net oerhinne
Learling: Wy kinne der net oerhinne
Learkrêft: Wy moatte der dwers trochhinne
Learling: Wy moatte der dwers trochhinne
Meielkoar: Grave, grave, grave,......
Learkrêft + learlingen
Wy geane hjoed op bearejacht
ensfh.
Learkrêft + learlingen
Wy komme by in grut moeras
Wy kinne der net ûndertroch
Wy kinne der net oerhinne
Wy moatte der dwers trochhinne
Meielkoar: slob, slob, slob, .....
Learkrêft + learlingen
Wy geane hjoed op bearejacht
ensfh.
Learkrêft + learlingen
Wy komme by in grut gersfjild
Wy kinne der net ûndertroch
Wy kinne der net oerhinne
Wy moatte der dwers trochhinne
Meielkoar: swas, swas, swas....
Learkrêft + learlingen
Wy geane hjoed op bearejacht
ensfh.
Learkrêft + Learlingen
Wy komme by in brede rivier
Wy kinne der net ûndertroch
Wy kinne der net oerhinne
Wy moatte der dwers trochhinne
Meielkoar: swim, swim, swim, .....
Learkrêft + learlingen
Wy geane hjoed op bearejacht
ensfh.
Learkrêft + learlingen
Wy komme by in tsjuster hol
Wy kinne der net ûndertroch
Wy kinne der net oerhinne
Wy moatte der dwers trochhinne
Meielkoar: slûp, slûp, slûp, ......
Learkrêft
Ho! Wat sjoch ik dêr?: net 1 bear, gjin 2 bearen, gjin 3 bearen mar wol 100 bearen.
Werom:
- drave
- rivier: swim, swim, swim, ....
- drave
- gersfjild: swas, swas, swas, ...
- drave
- moeras: slob, slob, slob, ...
- drave
- berch: grave, grave, grave, ...
- werom drave nei skoalle ta
Meielkoar: Wy geane noait wer op bearejacht!