Nasjonale Gedichtedei
Nasjonale Gedichtedei: tongersdei 26 jannewaris
De leafde foar poëzij begjint by de bern. Jonge bern fine it prachtich om meielkoar mei opsisferskes dwaande te wêzen of te sjongen.
Nasjonale Gedichtedei is dêrom foar bern in like grut feest as foar folwoeksenen.
Ferline jier ha ferskate plakken foar berne-opfang op de gedichtedei meiwurke oan it Koesboek-projekt. In prachtige
bondel mei gedichtsjes fan Baukje Wytsma dy't dy deis sintraal stiene. Fan dy aktiviteiten binne moaie foto's makke. Trije plakken ha foar harren ynstjoerde foto in priis krigen: mei alle pjutten nei de foarstelling: Tomke siket om 'e kluts.
Gean dêrom fan't jier ek op Nasjonale Gedichtedei oan ’e slach mei ferskes en opsisferskes. Besykje bygelyks rymwurdsjes mei de bern te meitsjen, jou it ritme fan ferskes oan mei klappen, stampen, rinnen, draven ensfh. Begjin de moarn/middei mei in ferske passend by it tema, it waar, in wichtich barren, wat mar te pas komt.
Sykje bygelyks ferskes út de bondels:
- Krûpelhintsjes: Auck Peanstra
- Rinze hat de hik: Ate Grypstra
- Tomkeboekjes lykas
Tomke nei de dokter: Geartsje Douma
Tomke nei de toskedokter: Geartsje Douma
- Tomke nei skoalle: Riemkje Pitstra
- Tomke nei it húske: Auck Peanstra
- Oekebakkeboem: Lida Dykstra
- Koesboek: Baukje Wytsma
- Fûgel Pyt: Dick Bruna
Sûnt 2011 leit de bondel Krobbekoer wer yn de winkel.
Yn de bondel steane 25 ferskes foar pjutten, ûnderferdield yn fiif haadtema's, dy't oanslute by harren wrâld. Dy tema’s geane oer boartsjen, de natuer, feest, thús en op it
pjutteboartersplak. By in ferskaat oan ûnderwerpen kin in ferske fûn wurde.
Op de cd wurde de ferskes songen troch in koar mar se steane ek mei allinne de muzyk op cd.
Yn 2001 is Krobbekoer foar it earst ferskynd as boek mei ferhaaltsjes, ideeën en ferskes, mei in CD der by yn mei de ferskes. It wie in unyk projekt ûntwikkele troch de liedsters fan de pjutteboartersplakken.
Omdat der nei de ferskes noch altyd in soad frege wurdt, is de CD 10 jier letter op 'en nij útbrocht en sil dy syn paad fêst wer fine nei de pjutten, heiten, memmen, pakes, beppes en fansels de liedsters fan de pjutteboartersplakken.
Utjouwerij: Afûk. Priis: 14,95
In foarbyld:
Nije klean
Ik ha in nije jas út Snits,
mei knopen en in lange rits.
Ik meitsje sels myn jas al fêst.
Sjoch heit, sjoch mem, ik kin it bêst.