Oer de skriuwers

Oer de skriuwers

Skriuwer Michael Rosen
is berne op 7 maaie 1946 yn Harrow, (Middlesex), mar wenne letter yn Pinner, Middlesex, Ingelân. De flat dêr’t hy wenne wie boppe winkels. Oan de achterkant fan dy winkels wie in plak dêr’t auto’s, frachtauto’s en bestelweinen kamen om fracht ôf te leverjen. Dat plak wie it boartersplak foar de jonge Michael.
Mar ek it bouplak foar timmerlju, leadjitters en fervers njonken harren wie syn boarterstún.

Jeugd
Michael Rosen syn foarâlders wiene fan Joadske oarsprong. Syn pake’s en beppe’s praten faak Jiddysk. De âlders fan de skriuwer fûnen ûnderwiis en boeken tige wichtich. Se woene graach dat Michael en syn broer it goed diene op skoalle. Heit en mem hiene in soad humor en holden fan sjongen, foardragen en aktearen. Michael kaam al jong yn ’e kunde mei Shakespeare en dat wie wer fan ynfloed op syn wurdskat en wize fan útdrukken.
Michael syn broer is fjouwer jier âlder en dy wie in as in twadde heit foar him. Alles wat er op skoalle leard hie woe er Michael ek leare. Hij wie boppedat tige goed yn it imitearjen fan minsken dy’t er koe en dat demonstrearre er yn de sliepkeamer dy’t de broers dielden.
De gedichten fan Michael Rosen geane foar in grut part oer syn jeugd tussen syn 2e en 12e  jier en binne bygelyks te finen yn
De hypnotiseur (soan Joe hat Michael filme by it ynsprekken fan alle gedichten út dat boek. Sjoch ek op www.michaelrosen.co.uk

Bekende boeken fan Michael Rosen binne (yn it Nederlânsk oerset)
2005 Au! (De Vries-Brouwers)
2005 Verdriet (Hillen)
2006 De liefste juf van de wereld (Hillen)
2006 Wij gaan op berenjacht (herdr.; Gottmer)
2007 Snurk! (herdr.; Gottmer)

Wat hie syn belangstelling
Michael gong yn syn frije tiid graach nei in teaterclub yn Ealing, dêr’t er learde om te aktearen. Nei de middelbere skoalle hie er yn ’e holle om dokter te wurden. Dêrom gie er nei de Middlesex  Hospital Medical School. Mar hy skeakele al rillegau oer op Ingelske taal- en letterkunde op it Wadham College yn Oxford. Yn dy perioade op de universiteit, hat er in soad tiid bestege oan skriuwen, aktearjen en regissearjen.
Dat wie tusken 1965 en 1969. Oer de hiele wrâld wie dat in tiid fan feroarings. Minsken woene frijheid en rjocht. Op de universiteit rekke de skriuwer belutsen by protestaksjes, bygelyks tsjin de oarloch yn Vietnam, rassisme ensfh. By dy aksjes is er twa kear troch de plysje oppakt. Yn de stúdzjetiid skreau Michael Rosen syn earste toanielstik Backbone dat opfierd waard by it Royal Court Theatre yn Londen.

Wurk
Nei syn ôfstudearjen wurke er by de BBC. Earst hold er him dwaande mei harkspullen en dokumintêres. Dêrnei gong er oan ’slach mei it berneprogram Playschool en wurke er by BBC Television Schools. Ek skreau er in program om jonge bern it lêzen te learen. Dat hie as titel: Sam op Boff's Island. It earste berneboek, Mind Your Own Business, kaam út yn 1974. Quentin Blake makke dêr prachtige lijntekeningen foar.
Earlik sein wit de skriuwer de iene dei net wat er de oare deis docht, as er syn aginda net byhâldt!
Sjoch foar ynformaasje oer Michael Rosen ek op www.leesplein.nl by schrijvers en tekenaars.

Yllustratrise Helen Oxenbury
wennet yn Londen mar is berne en opgroeid yn Ipswich, Ingelân.
Se wie eins noait fan doel om berneboeken te yllustrearjen. Mar lykas foar mear dingen yn it libben jildt dat je it net altyd yn eigen hân ha. Fan jongs ôf hie sy in passy foar tekenjen. Yn de fakânsjes holp se yn it pleatslik teater. Dêr kaam se op it idee om ‘teater-design’ te studearjen. Under har stúdzje sei in learaar dat Helen folle better yllustraasjes foar boeken meitsje koe yn plak fan teaterklean te ûntwerpen. Mar pas doe’t se troude mei de berneboeke-yllustrator John Burningham, is se sels ek begûn mei it tekenjen foar berneboeken. Boppedat fûn se it fijn om thús te wurkjen doe’t se bern krige.
Tsjintwurdich is Helen Oxenbury in populêre yllustratrise. Se hat in soad prizen wûn. Helen is altyd bliid dat se in tredde part fan har boek ôf hat. Dan kriget se it gefoel dat se op de goede wei is. Helen makke ûnder oaren yllustraasjes by boeken as: Alice in wonderland en Tien vingertjes en tien teentjes en fansels by Wy geane hjoed op bearejacht (Gottmer)

Skriuwster Riemkje Hoogland-Pitstra
hat mear as 40 jier yn it ûnderwiis wurke. Mar se is noch lang net klear mei skriuwen! Se rjochtet har in soad op aktiviteiten foar jongere bern. Ek is se de auteur fan boartlik Frysk lesmateriaal foar pjutten en beukers lyk as de Sânglêsrige en Studio F. Yn gearwurking mei Auck Peanstra lit se Tomke, Romke, Kornelia en Yana Yu allegear aventoeren belibje yn ferhalen, boekjes op rym, Tomke-útstjoerings op Omrop Fryslân en yn de ‘Weekkrant Fryslân’.
Tomke en Romke sykje in pake mei Rients Gratama as pake is ien fan de trije foarstellings dy ’t se skreaun hat. Se is ek bekend fan de Mentha Minnemaboeken foar de midden- en boppebou fan de basisskoallen. En net te ferjitten fan de Marten de Mûs- en de Bisteboat-ferhalen. Ferline jier is yn de Lawei en yn de Harmonie har Sinteklaasfoarstelling It geheim fan de boat fan Sinteklaas opfierd. It leafst bringt se har ferhalen ta libben troch se sels te fertellen en te ferbyldzjen.

Skriuwster Anny de Jong
waard berne yn Tsjerkwert. Se learde oan de kristlike kweekskoalle te Snits ta ûnderwizeres. Neidat se slagge wie, wurke se fiif jier as ûnderwizeres yn Gaasterlân. Dêrnei krige se in beneaming oan de kristlike basisskoalle yn Bûtenpost, dy skoalle is se oant har pensjonearing trou bleaun. Se wennet mei har hûn en in tal siameeske katten yn Kollum.
Yn gearwurking mei oare berneboekeskriuwers wurke se mei oan de rige Mentha Minnemaboeken en dy fan de Traveliers.
Dat har boeken troch har jeugdige lêzers wurdearre wurde, blykt wol út it feit dat se al trije kear de Sulveren Spjelde fan de Berneboekesjuery wûn hat. Yn 1999 krige se dy foar De hûn mei de dûbele namme, yn 2001 foar @pesturt en yn 2004 foar Spikergek.

Skriuwer Jan Schotanus
is berne op in pleats yn Jellum en hat dêr ek syn jeugd trochbrocht. Oan de Pabo fan Ljouwert learde er ta ûnderwizer. Hy krige in beneaming oan in basisskoalle yn Mantgum en folge dêrnjonken noch de twaddegraads oplieding Nederlânsk. As jong ûnderwizer waard er konfrontearre mei de staveringsferoaring fan it Frysk yn 1980. Omdat der dêrtroch net safolle lesmateriaal foarhannen wie, begûn Schotanus mei it oersetten fan ferhaaltsjes út tydskriften wei, bedoeld as lêsmateriaal foar syn learlingen. Hy hie aardichheid oan oersetten en it gong him goed ôf, hy waard dêr troch ynspirearre om sels te skriuwen. Dat wie de opmaat fan syn skriuwersskip.
Hy wurke ûnder oaren yn gearwurking mei oare berneboekeskriuwers oan de Mentha Minnema rige. Jan Schotanus wûn yn 2010 de Sulveren Spjeld fan de Berneboekesjuery foar syn boek Bor en de boef, útkaam yn de rige foar de Fryske taalmetoade ‘Studio F.

Skriuwer Thys Wadman
Thys Wadman wurket (al hiel lang) yn it basisûnderwiis. In  jier as wat lyn is er begûn mei it skriuwen fan ferhalen.
Dy ferhalen binne bondele yn it boek De Oerwinnings Fan Tido Houtsma, dat yn 2010 ferskynd is. De ferhalen út dat boek binne geskikt foar de heechste groepen fan de basisskoalle, mar kinne ek goed brûkt wurde yn de ûnderbou fan it foartset ûnderwiis.
Foar de Fryske taalmetoade ‘Studio F’ hat er twa lêsboekjes makke: De Fûgelklup (2010) en De Hûneklup (2011).
Yn septimber 2011 is De Bisteboel Fan Omke Roel as Aksjeboek foar bern 2011 útkommen in foarlêsboek mei ferskes fan Hindrik en Kees van der Meer en ferhalen fan Thys Wadman, bestimd foar de groepen 3 oant en mei 6 fan de basiskoalle.

Aanvullende gegevens