Printeboek fan it jier
Wy geane hjoed op bearejacht
Wêr giet it boek oer?
"Fjouwer bern en in hûn sille mei harren heit op bearejacht. Underweis komme se allegear tûkelteammen tsjin, lykas heech gers, in rivier en drek. Se oerwinne alles en komme op ’t lêst by de bearegrot. As se each yn each steane mei de bear, docht bliken dat dy dochs wol grut en grizelich is. Heit en de bern drave werom nei hûs ta en ferstopje harren op bêd. Se wolle nóáit wer op bearejacht.
Hieltyd opnij wurdt de jacht oankundige mei deselde rigels: Wy geane hjoed op bearejacht. Wy fange fêst in gruttenien. Wat ha we in prachtige dei. Wy jouwe nergens om. Bern binne gek op werhelling. Se sille de tekst al gau mei opsizze kinne.
De tûkelteammen dy’t de bearejagers tsjinkomme binne keppele oan lûden. Swisse swas! as se troch it gers ploeterje. Woe hoe! as se yn in sniestoarm telâne komme. Pjutten genietsje fan dat soarte fan wurden.
Wêrom is dit sa’n favoryt boek?
Yn it boek binne humor en spanning op perfekte wize kombinearre. It is spannend en stoer om op bearejacht te gean. Op it stuit dat de jagers de bear sjogge, komt de omslach. Fan harren stoerens is yn ien klap neat mear oer. Se wolle allinne noch mar nei hûs! Je fiele de bangens fan de personaazjes. En tagelyk moatte je ek om har laitsje. Steltsje helden op sokken!
In soad pjutten identifisearje harren mei de bearejagers. Se wolle faak krekt sa grut en flink wêze as harren âldere broer of sus. Soms oerskatte se harren sels, krektlyk as de bern yn it boek. As it dan mis giet, sykje se de feiligens fan heit, mem of juf. Ek de boekpersonaazjes sykje úteinliks de feiligens fan thús.
In tip foar de âlders?
"Je kinne de fantasij en het taalgefoel fan it bern prikkelje troch sels soartgelikense wurden te betinken. Dat kin by húslike saken lykas by ’t yn it bad gean en it iten: plûns plas, happerdehap. Mar it is fansels ekstra spannend om it by bûtenaktiviteiten ta te passen. Wannear’t je mei de bern te kuierjen binne, kinne je boartsje dat je op bearejacht geane.
Sa wurdt in simpele boskkuier in echt avontoer!"
Tekst: Michael Rosen
Yllustraasjes: Helen Oxenbury
Oerset yn it Frysk:
Gerda van der Wijk
Utjouwer: Afûk
NUR 273 ISBN 978 90 6273 865 6
Priis: € 12,95
De útjouwers hawwe in printferzy fan Wy geane hjoed op bearejacht foar de Nasjonale Foarlêsdagen (tusken 18 oant en mei 28 jannewaris 2012) fergees beskikber steld.