Tsien dagen foarlêze

Nasjonale Foarlêsdagen 2012

18 oant en mei 28 jannewaris

Foarlêze oan bern is wichtich. It prikelet de fantasij, ûntwikkelet it taalgefoel en bringt har in soad wille. Spesjaal foar jonge bern wurde dêrom alle jierren ein jannewaris de Nasjonale Foarlêsdagen organisearre. Dy dagen hawwe as doel it foarlêzen oan bern, dy’t sels noch net lêze kinne, te befoarderjen. Sa wurde lytskes aansen grutte lêzers.
De doelgroep binne bern tusken in heal oant seis jier. Der wurdt benammen omtinken jûn oan pjutten dy’t nei in pjutteboartersplak of in bernedeiferbliuw ta geane en beukers út de ûnderbou fan de basisskoallen. Dêrom op dizze side it

Frysk printeboek fan it jier

Wy geane hjoed op bearejacht

fan Michael Rosen mei yllustraasjes fan Helen Oxenbury

 

Foar bern fan 8 oant 10 jier kin it harkboek
Gefaarlik spul foar Mentha Minnema
fan Anny de Jong, Jan Schotanus en Riemkje Hoogland-Pitstra
fergees downloaden wurde. It boek is beskikber steld troch Audiofrysk. Klik op  www.audiofrysk.nl. Sjoch by berneboeken en klik op No fergees in MM dellade.





Foar bern fan 10 jier ôf en âlder steane twa ferhalen út it boek 
De oerwinnings fan Tido Houtsma
fan Thys Wadman
de ferhalen kinne sa ôfprinte wurde.

Aanvullende gegevens