Simke Kloostermanpriis
De Simke Kloostermanpriis is in ûnderskieding foar it bêste Fryske berneboek oer in perioade fan trije jier.Simke
Kloosterman (1876 - 1938) wie sels in ferneamd skriuwster en hja hat inkeld ek wolris foar bern skreaun, it meast mearkes. Dat wie yn dy tiid net sa gewoan. Nei har ferstjerren is op har fersyk jild yn in fûns ûnderbrocht. Ut dat fûns wurdt sûnt 1983 ien kear yn de trije jier in bedrach beskikber steld foar de skriuwer, dy't neffens in deskundige sjuery foar de priis yn de beneaming komt.
Fryske Berneboekesjuery
Alle jierren kinne skoallen, ôfwikseljend út it basis- of fuortset ûnderwiis oan de Fryske Berneboekesjuery of
Jeugdboekesjuery meidwaan. Bern binne de sjueryleden en bepale sels hokker boek en skriuwer de Sulveren Spjeld fertsjinnet.
Fryske Foarlêskampioen
Foar de trije heechste groepen fan it basisûnderwiis yn Fryslân wurdt in Foarlêswedstriid holden, ôfwikseljend mei
de Berne- en jeugdboekesjuery. De winner wurdt útroppen ta de Fryske Foarlêskampioen. De priis is in sulveren spjeld. De Fryske Foarlêswedstriid is in inisjatyf fan de wurkgroep Basisûnderwiis fan it jierlikse Fertel- en Foarlêsfestival (FFF).
Ibby Honourlist
De International Board on Books for Young People (Ibby) is in ynternasjonale organisaasje mei as wichtichste doel
it befoarderjen fan it lêzen en de fersprieding fan berne- en jeugdliteratuer oer de hiele wrâld. Ibby jout ien kear yn de twa jier in Honourlist (earelist) út, in seleksje fan kwalitatyf útsûnderlike berne- en jeugdboeken, publisearre yn mear as santich lannen dy’t by Ibby oansletten binne.
Afûk Jongereinpriis
De Afûk Jongerein-priis wie in jierlikse priisfraach, dy’t yn septimber 1993 foar de earste kear útskreaun waard
troch de Rie fan de Fryske Beweging en de Federaasje fan Fryske Studinteferienings. Hy wie ornearre as de bekroaning fan wurk fan jong Frysk talint, net âlder as 27 jier. De priis is nei 1994 net mear útrikt.
Berneboekepriisfraach
De Fryske Boekeklub KFFB (Kristlik Fryske Folksbibleteek) skreau fan 1958 oant en mei 1990 in jierlikse
Berneboekepriisfraach út. Dêr wie in jildpriis oan ferbûn en/of de KFFB joech it bekroane wurk sels út.