Simke Kloostermanpriis
De Simke Kloostermanpriis is in ûnderskieding foar it bêste Fryske berneboek oer in perioade fan trije jier.Simke
Kloosterman (1876 - 1938) wie sels in ferneamd skriuwster en hja hat inkeld ek wolris foar bern skreaun, it meast mearkes. Dat wie yn dy tiid net sa gewoan. Nei har ferstjerren is op har fersyk jild yn in fûns ûnderbrocht. Ut dat fûns wurdt sûnt 1983 ien kear yn de trije jier in bedrach beskikber steld foar de skriuwer, dy't neffens in deskundige sjuery foar de priis yn de beneaming komt.
It Fryske Berneboek jout yn gearwurking mei Tresoar advys oer de sjuery en assistearret it Simke Kloostermanlien by de tarieding fan it prizefeest, neffens wenst yn de tsjerke fan Twizel.
De priiswinners fan de ôfrûne jierren mei harren boek wiene:
| Jier | Titel | Skriuwer |
| 1983 | Cap Súd | Reinder Rienk van der Leest |
| 1986 | Swart op wyt | Akky van der Veer |
| 1989 | Bartele Bûse | Berber van der Geest |
| 1992 | It hûs fol ferhalen | Mindert Wijnstra |
| 1995 | De Kilekanen | Berber van der Geest |
| 1998 | Yn piama de dyk oer | Auck Peanstra |
| 2001 | Dingeman krijt wjukken | Eppie Dam |
| 2004 | Mûske myn famke | Lida Dykstra |
| 2007 | Lederwyntsje - bern mei krêften | Lida Dykstra |
| 2010 | Salsafamke | Hanneke de Jong |