Ibby Honourlist
De International Board on Books for Young People (Ibby) is in ynternasjonale organisaasje mei as wichtichste doel
it befoarderjen fan it lêzen en de fersprieding fan berne- en jeugdliteratuer oer de hiele wrâld. Ibby jout ien kear yn de twa jier in Honourlist (earelist) út, in seleksje fan kwalitatyf útsûnderlike berne- en jeugdboeken, publisearre yn mear as santich lannen dy’t by Ibby oansletten binne.
De publikaasjes blinke út troch de tekst, de yllustraasjes of de oersetting, en wurde foardroegen troch de nasjonale seksjes fan Ibby. Op foardracht fan de Stichting It Fryske Berneboek stiet sûnt 1992 alle kearen ek in Frysk berne- of jeugdboek op dy ynternasjonale earelist. As gefolch dêrfan binne al tal fan boeken yn oare talen oerset en útjûn.
Fryske boeken op de Ibby-Honourlist
| Jier | Titel | Skriuwer | DIploma útrikt yn: |
| 1992 | Bartele Bûse | Berber van der Geest | Berlyn |
| 1994 | It hûs fol ferhalen | Mindert Wijnstra | Sevilla |
| 1996 | De Kilekanen | Berber van der Geest | Grins |
| 1998 | Grutte wurden | Akky van der Veer | New Delhi |
| 2000 | Fan hantsjeklap en sûkerbak | Jant van der Weg | Cartagene de Indias |
| 2002 | Wolken fan wol | Lida Dykstra | Basel |
| 2004 | Lokaal 13 | Baukje Wytsma | Kaapstêd |
| 2006 | Sterke skouders | Hanneke de Jong | Macau |
| 2008 | Oeral binne bisten | Machiel Braaksma | Kopenhagen |
| 2010 | Spegelspreuk | Lida Dykstra | Santiago de Compostela |
| 2012 | Mem wat ite wy hjoed? | Berber van der Geest | Londen |