Fryske Berneboekesjuery
Alle jierren kinne skoallen, ôfwikseljend út it basis- of fuortset ûnderwiis oan de Fryske Berneboekesjuery of
Jeugdboekesjuery meidwaan. Bern binne de sjueryleden en bepale sels hokker boek en skriuwer de Sulveren Spjeld fertsjinnet.
Alle kearen is it wer oars en spannend. En alle kearen is de skriuwer fan it winnende boek wakker wiis mei de priis, want dat betsjut dat de sjuery, de jonge lêzers sels dus, syn of har boek of ferhaal it moaiste fûn.
Fan 2008 ôf is der om it jier in Berne- of Jeugdboekesjuere dy't mei de Foarlêswedstriid ôfwiksele wurdt.
Hjirûnder folget in oersjoch fan de priiswinnende boeken, ferhalen en skriuwers.
Berneboekesjuery
-
1992: Kamera klear, aksje fan Jelle Bangma
-
1993: Bartele Bûse fan Berber van der Geest
Jeugdboekesjuery
-
1994: Oarlochswinter fan Jan Terlouw (oersetting fan Jan de Jong fan Snits)
Berneboekesjuery
-
1995: Wouter en de 24-trui fan Eppie Dam
-
1996: Tachtich yn 'e bocht fan Eppie Dam
Jeugdboekeferhalesjuery
- 1997: It wie in opel-kadett fan Jelle Bangma (út de ferhalebondel Broei)
Berneboekesjuery
- 1998: Yn piama de dyk oer fan Auck Peanstra
- 1999: De hûn mei de dûbele namme fan Anny de Jong
Jeugdboekesjuery
- 2000: De lêste brief fan Hanneke de Jong.
Suske en Wiske: It woelige waad, moaiste stripboek mei tekst en
tekeningen fan Paul Geerts (yn it Frysk oerset troch Jan van Houten)
Berneboekesjuery
- 2001: Apesturt fan Anny de Jong
- 2002: Pier wol gjin prik fan Jikkie Ruiter
- 2003: De skippers fan de Kameleon fan Hotse de Roos (moaiste Kameleonboek)
- 2004: Spikergek fan Anny de Jong
Berneboekegedichtesjuery
- 2005: Hampelman en Hampelfrou fan Mindert Wijnstra (út Fiif dogeneaten yn in
sok, in presintsje foar te 80ste jierdei fan Diet Huber, mei bydragen fan
ferskate skriuwers)
Berneboekesjuery
-
2006: Alles foar in sint fan Auck Peanstra
Berneboekeferhalesjuery
-
2007: It lân achter de heuvels fan Mindert Wijnstra
Berneboekesjuery
-
2008: Skoare by FC-top fan Jelle Bangma
- 2010: Bor en de boef fan Jan Schotanus