Siem en Sanne sjogge Sint Piter

yn 't wintersintsje

In printeboek om te lêzen of foar te lêzen spesjaal skreaun foar de Sint Pitertiid

Auteur: Hendrika Vis-de Ruiter
Yllustraasjes: Bernard Roorda
Utjouwer: Louise, Grou
ISBN: 9789491536342
Priis: € 10,-

Op 21 febrewaris is it wer Sint Piterdei yn Grou. Om yn de sfear te kommen is in ferhaal oer dizze broer fan Sinteklaas ûnmisber. Lokkich is der in moai printeboek fan Hendrika Vis-de Ruiter.

Oer it boek
De huzen fan Siem en Sanne steane ticht by elkoar. It is febrewaris. It is kâld bûten. De wrâld is wyt. As Siem en Sanne oan it slydzjen binne sjogge se in boat farren. Wa stiet dêr op dy boat?
Siem en Sanne sjogge Sint Piter is in bysûnder lês- en foarlêsboek foar bern tusken de 3 en 7 jier. In boek mei prachtige tekeningen en in spannend ferhaal.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.siemensanne.nl.

Lees meer: Siem en Sanne sjogge Sint Piter

Sin oan

Yn 't novimbersintsje

Dichter: Jurjen van der Meer
Yllustraasjes: Maaike van den Akker en Lip Ferwerda
Utjouwer: Elikser, Ljouwert
ISBN: 978 90 8954 997 6
Priis: € 14,95

De fersen fan Jurjen van der Meer wurde al tsientallen jierren brûkt yn de heechste groepen van it basisûnderwiis en foar de foardrachtskriich FeRstival op middelbere skoallen. Yn dit boek bondelet er syn moaiste wurk fan de lêste tiid. By de 'Pas op...'gedichten hat Maaike van den Akker de yllustraasjes makke, by de 'Op in...'gedichten, Lip Ferwerda. Fierder binne in tritichtal frije fersen opnaam. Jurjen skriuwt fersen mei in knypeach. In foarbyld:

Skake

Ale-Jan is net sa'n sporter.
Hy sit leaver op 'e stoel.
Hat in hekel oan bewegen.
Inkeld skaken fynt er cool.

Wurch dat wol er eins net wurde,
hat him altyd min foldien.
En al mei er ek graach damje,
skaken stiet op nûmer ien.

Middeis draaft er fluch út skoalle.
As in spear nei pake Sjoerd.
Beppe dy hat tee en koekjes,
pake sit al by it boerd.

En op woansdei fytst ús Ale
nei syn klup yn Ljouwert ta.
It is fyftjin kilometer,
mar dat is no ienkear sa.

Sneons sit Ale oan de rimen,
roeit er nei buorman oer de feart.
Dy kin ek geweldich skake,
hat in protte fan him leard.

Drave, fleane, fytse, roeie,
elke dei dan is it raak.
Om mar op 'e tiid te kommen,
foar in rêstich potsje skaak.

Lees meer: Sin oan

De huodsjes fan Mata-Hari

yn 't oktobersintsje

Aksjeboek foar bern yn de Berneboeketiid 2017

Auteur: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Natascha Stenvert
Utjouwer: Wijdemeer, Ljouwert
Hurd kaft, foar 10+
ISBN: 9789492052377
Priis: oant en mei 31 oktober foar € 4,95, dêrnei € 14,95

Yn it printe- en lêsboek De huodsjes fan Mata-Hari fertelle de huodsjes meiïnoar it libbensferhaal fan har eigneresse. Breidswale tinkt werom oan de ferlyfde, jonge breid dy’t mei in hast tweintich jier âldere offisier troude. Reishoed wit hoe’t se mei him nei Nederlânsk-Ynje ferhuze en bern krige. Stripperswan fertelt hoe’t se furoare makke as eksoatysk dûnseres yn alle grutte stêden fan Europa, en Steek-mei-kûgelgat makke mei hoe’t se op fertinking fan spionaazje op in dizige moarn yn oktober deasketten waard. En dan is Bernehuodsje der noch. Sy fertelt oer lytse Greetje, it eachappeltsje fan har heit, dy’t as in prinseske opgroeide yn in huodde- en pettewinkel op de Kelders yn Ljouwert.

De huodsjes fan Mata-Hari, skreaun troch de faak bekroande berneboekeskriuwster Lida Dykstra, is in ryk yllustrearre sjochboek fol autentike foto's en ansichtkaarten, mar ek mei skitterende nije printen fan yllustrator Natascha Stenvert.

Lees meer: De huodsjes fan Mata-Hari

Spetter spetter... en oare ferskes

Yn 't july/augustussintsje

Ferskes fan Geartsje Douma, Hindrik van der Meer, Jurjen van der Meer, Auck Peanstra en Riemkje Pitstra
Yllustraasjes Linda de Haan
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 94 92716 54 7
Priis: € 9,95

De moaiste (opsis)ferskes en sykplaten út de Tomke-boekjes fan de ôfrûne tweintich jier.
Tomke hat se sels útsocht.

Lees meer: Spetter spetter... en oare ferskes

Tsjilp!

Yn 't junysintsje

Auteur: Eppie Dam
Yllustraasjes: Lienke Boot
Foarmjouwing: Ankemarije Dam
Utjouwer: De Rijp
ISBN: 9789081581844
Priis: € 12,00
55 siden, hardcover

Mei 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters.
Fûgels litte har hearre. Se tsjotterje, tsjilpe, krasse en kweakje yn de gedichten fan dizze klinkende bondel. Fûgels litte har sjen. Stappend, hippend of fleanend, ja sels slûgjend toane se har foarmen en kleuren yn dit boek mei prachtige platen. Tsjilp! is foar lêzers fan 8 oant 88.

Lees meer: Tsjilp!

Wês net bang

(mar wol foarsichtich)

yn 't febrewaris/maart sintsje

Auteur: Hanneke de Jong
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789492176400
Priis: € 8,50
Leeftyd: 12 jier en âlder
It boek slút oan by it projekt: LêsNo

Wês net bang, fertelt it wier barde ferhaal fan de santjinjierrige Lilan op har flecht fan Syrië nei Nederlân. Lilan har heit bringt har oant in pear kilometer fan de grins mei Turkije. Dêr set er har ôf.
Ut it boek:
Heit leit de hannen op har skouders. Hy sjocht har djip yn de eagen. O heit, leave, stoere heit! 'Wês net bang,' seit er, 'mar wol foarsichtich. Tink oan alles wat mem en ik dy leard ha.' Se knikt. Heit nimt har gesicht tusken syn hannen en tutet har foarholle. 'Gean no, wy hearre fan dy.' 'Goeie heit.' Se krûpt him eefkes oan. 'Dach leave dochter.' Se begjint de bosk yn te rinnen, sûnder om te sjen.

Lees meer: Wês net bang

Firalen en Oanfal

Yn 't jannewarissintsje

Auteur: Kathy Reichs
Utjouwer: Elikser, Ljouwert
ISBN: 9789089548467 en 9789089549198
Priis: Firalen € 19,95
Priis: Oanfal € 22,50

Firalen (diel I yn de rige) is in magysk en tige spannend fantasyferhaal.
Yn it spannende twadde diel Oanfal sykje Tory en har freonen om in ferburgen pirateskat.

Oer Firalen
(yn it Frysk oerset troch Geart Tigchelaar)

In wolk luts foar de sinne del en smiet in skaad oer de lytse romte dêr’t ik op ’e knibbels siet. Imerkes tsjirpten op ferburgen plakken. It swit plakte myn shirt oan myn rêch fêst.
Neat kaam by my binnen. Myn geast siet kompleet fêst oan dy lytse brune foarwerpen foar my.
Ik twong mysels om de wierheid ûnder eagen te sjen.
Ik hie de bonkjes fan in minsklike hân bleatlein.

Lees meer: Firalen en Oanfal