Stichting It Fryske Berneboek
Sekretariaat
It sekretariaat fan de stichting is ûnderbrocht by It Fryske Boek.
Doel
De Stichting It Fryske Berneboek rjochtet har op stúdzje en promoasje fan Fryske berne- en jongereinliteratuer mei it doel dy literatuer sa breed mooglik bekend te meitsjen, yn en bûten Fryslân.
De stichting wol har doel berikke troch:
Untstean
It Fryske Berneboek is yn 1993 fuortkommen út twa organisaasjes: de Stifting Us Frysk Berneboek en de Werkgroep Friese kinder- en jeugdliteratuur, in wurkgroep dy't diel útmakke fan it Landelijk Platform Kinder- en Jeugdliteratuur.
Stipe
Elkenien dy't berne- en jongereinliteratuer in waarm hert tadraacht kin stiper wurde. Stipers krije alle jierren de Rymposter tastjoerd, tagelyk mei ynformaasje oer it riden en farren fan de stichting yn de Berneboeketiid. Fierders kinne sy it Aksjeboek foar bern tsjin ferstjoerskosten tastjoerd krije. Boppedat wurde hja útnoege foar stúdzjedagen en bysûndere aktiviteiten fan It Fryske Berneboek. It yn 'e maitiid tastjoerde jierferslach hâldt de stipers op 'e hichte fan it wurk fan de stichting.
It wurk fan de Stichting It Fryske Berneboek kin net sûnder jildlike stipe. Jeften en legaten binne dan ek tige wolkom. It Fryske Berneboek is troch de Belestingtsjinst oanmurken as in Algemeen Nut Beogende Instelling (ANBI). Dat betsjut dat jeften as in ôftrekpost opfierd wurde meie en legaten binne frij fan suksesje.
Stiper wurde jo foar in bedrach fan € 15,00 it jier, ynstellings € 25,00 en studinten (mei fermelding fan it nûmer fan de kolleezjekaart) € 7,50.
Berneboeketiid 2010
Meitsje in kar út de njoggen
nije skriuwersprograms
foar skoalle, âlderjûn of
bibleteek.
Foar it bestelformulier
klik hjir
Postadres:
It Fryske Berneboek
Postbus 1311
8900 CH LJOUWERT
telefoan: 058-7890789
e-post: fryskeberneboek@fryskeboek.nl
webadres: www.itfryskeberneboek.nl
Besykadres:
Bûterhoeke 1
8911 DH LJOUWERT
