Presintaasje Tomke ferkearsboek yn Stiens
Pleatst op: 31 augustus 2010 om 11:50
Boargemaster E.J. ter Keurs fan Ljouwerteradiel en de teamsjef Middelsee fan de plysje, de hear J. Holwerda, krije de earste eksimplaren fan it Tomke ferkearsboek, it nije Aksjeboek foar bern foar de Berneboeketiid. Dat sil wêze op tiisdeitemoarn 7 septimber yn Pjutteboartersplak De Oesterkes yn Stiens.
Mear »
Jan Schotanus wint Sulveren Spjeld Berneboekesjuery 2010
Pleatst op: 8 juni 2010 om 23:25
Bor en de Boef fan Jan Schotanus is it moaiste boek, neffens de bern dy’t oan de Berneboekesjuery 2010 meidien ha. Learlingen út de groepen 4 en 5 fan Fryske basisskoallen koene kieze út in rige fan fjouwer. Skriuwer Jan Schotanus krige oan ’e ein fan de feestlike priisútrikking, op freedtemiddei 4 juny yn De Skâns op ’e Gordyk, de sulveren ûnderskieding fan de Berneboekesjuery opspjelde.
Mear »
Mei Tomke op de foto yn de bibleteek
Pleatst op: 2 juni 2010 om 15:25
It Fertel- & Foarlêsfestival is wer los. Alle bibleteken yn Fryslân dogge ek mei oan in foarlêsprojekt om it bekende mantsje Tomke hinne. Yn al dy bibleteken komt in ‘echte en libbensgrutte’ Tomke, dêr't de bern mei op de foto kinne. En fansels wurdt der foarlêzen út it nijste Tomkeboekje.
Mear »
Priiswinners kleurwedstriid oer Mem wat ite wy hjoed
Pleatst op: 27 mei 2010 om 11:55
Bernefeestje yn TresoarMem, wat ite wy hjoed? wie it Aksjeboek foar bern yn de Berneboeketiid en de Sutelaksje 2009 fan de Stichting It Fryske Boek en de Stichting It Fryske Berneboek. In hiele protte bern hiene de teken/kleurplaat opstjoerd dy’t by it boek oanbean waard. Foar 11 bern leine op woansdeitemiddei 26 maaie moaie boekepakketten klear. De opperpriisútrikker, dy’t sljocht is op iten, hat de prizen oan de bern útdield yn bywêzen fan heiten, memmen, broerkes en suskes.
Mear »
Hanneke de Jong krijt Simke Kloostermanpriis
Pleatst op: 11 mei 2010 om 11:25
‘Skriuwe is it moaiste fak dat der is’. Mei dy wurden besleat Hanneke de Jong har taspraak nei’t hja de Simke Kloostermanpriis foar berne- en jongereinliteratuer yn ûntfangst nimme mocht. Dat barde op sneon 8 maaie yn de herfoarme tsjerke fan Twizel. De skriuwster krige de prestizjeuze en trijejierlikse priis foar it jeugdboek Salsafamke. ‘Mei dy priis is it Salsafamke grutte eare oandien’, sa fûn Hanneke de Jong.
Mear »