Nije berneboeken

Fjouwer 'Berneboekesjuery"-boeken

Pleatst op: 26 juli 2010 om 15:00

Yn it ramt fan de Berneboekesjuery 2010 koene de bern út de groepen 4 en 5 fan de basisskoalle har kar dwaan út in fjouwertal boeken. Dy boeken, útjûn troch ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin yn gearwurkingmei de Afûk, foarmje in rige lêsboeken foar de skoaltelevyzje Studio F. Dat programma komt yn de boekjes dan ek hieltyd even op it aljemint, wylst alle fjouwer ienfâldich, mar oantreklik útfierde boekjes har eigen tema hawwe.

Mear »

In echte jonge

Pleatst op: 26 juli 2010 om 14:30

By dit kartonboek is it selde prinsipe fan it boek oer famkes tapast. Ek hjir de astronaut as earste, mei fierder in cowboy, in piraat, in kok en sa fierder om dêrnei likegoed út te kommen by in gewoane jonge. Bern fan acht jier sille hjir net sa folle mear mei kinne, foar de jongere aardige boekjes.

Mear »

In echt famke

Pleatst op: 26 juli 2010 om 13:55

It kartonboek lit op elke side sjen, watfoar mooglikheden famkes yn ús maatskippij hawwe. Astronaute, sjongeres, prinsesse, dokter, alles is mooglik. Mar úteinlik komme wy út by gewoan in famke. Har gesicht is troch de iepening yn de siden al fan it begjin ôf te sjen.

Mear »

Tomke - Nei de toskedokter

Pleatst op: 26 mei 2010 om 12:10

By lytse bern, pjutten en beukers, is de maat fan Tomke, it hûntsje Romke, sa stadichoan tige bekend. Om it nijste boekje oer de beide maten hinne is in hiele kampanje opset. Tomke sil nammentlik nei de toskedokter, no net in oarde dêr’t bern graach binne. As Tomke op ‘e stoel fan de toskedokter sit, springt ynienen syn hûntsje op syn skoat. De toskedokter fynt it net slim, mar Romke moat al nei bûten. Mei in ienfâldich ferhaaltsje wurdt sa de bangens fan bern weinommen. 

Mear »

In flitsend hűntsje

Pleatst op: 21 mei 2010 om 15:50

Sa stadichoan begjint it al wat it karakter fan in rige te krijen, de boeken oer De Traveliers. De útjouwer wol mei de rige spannende boeken leverje dy’t nijsgjirrich binne foar bern fan in jier of tsien ôf. Mei de famylje Travelier, dy’t lykas de namme al seit, graach reizget, komme de lêzers yn hiel wat hoeken fan de wrâld telâne. Yn de nijste titel, In flitsend hûntsje, is dat Skotlân, dêr’t famylje fan de reizgjende húshâlding wennet.

Mear »
1 2 3 volgende»