Nije berneboeken

Dêr is Marten wer

Pleatst op: 29 oktober 2009 om 14:30

plaatsjeHiel oars as bygelyks yn Pasta Pizza & Patat fan Baukje Wytsma en Carla van der Heijde, mear sêftsedich, binne de printen yn it boek Dêr is Marten wer. Dat past ek better by de haadpersoan, mûs Marten. Bisten binne gauris haadpersoan yn berneboeken, ek yn Fryslân, dêr’t neist de ferneamde Bear Boeloe ek dizze mûs goed bekend stiet.

De bern kenne him fral troch syn rol yn skoalprogramma’s fan Omrop Fryslân, op radio en t.v.. Yn it moai en rejaal útfierde boek hat Riemkje Pitstra in tal ta ferhalen bewurke útstjoerings by elkoar brocht. Dy binne yndield neffens de tiden fan it jier. Maitiid, simmer, hjerst en winter hawwe elk har eigen kleuraksint oan de râne fan de bledside meikrige. It giet dêrby om lytse aventoerkes dy’t Marten belibbet, guon passend by it bistelibben, oaren mear inte op it deistige libben fan bern, dêrtroch hiel werkenber. Allinne de apenuten stellende heks past net sa goed yn dat gehiel fan deistige dingen. De ferhalen hawwe in moaie foarlêslingte.

Jant van der Weg

(boekbesprek út it Friesch Dagblad)

Skreaun troch: Riemkje Pitstra
Yllustraasjes: Tryntsje Bottema
Leeftyd: +3
Utjûn troch: Afûk, Ljouwert
Priis: € 9,95

 

« Werom