Pasta Pizza & Patat
Pleatst op: 29 oktober 2009 om 14:15
Iterij liket yn berneboeken in wichtich plak yn te nimmen. Sa binne der al hiel wat boeken ferskynd dêr’t iten yn ferskate foarmen yn ter sprake komt. Mar likegoed komt men dat ek yn al earder ferskynde boeken tsjin. Om mar wat te neamen: hoe faak komme pankoeken, it bakken en it iten dêrfan, net oan ‘e oarder yn ferhalen. Yn in nij printeboek fan Baukje Wytsma wurde der wer oare hearlikheden op tafel tsjoend lykas Pasta Pizza & Patat.
Want ja, der binne bern dy’t allinne mar yn binne foar pasta. En pizza en patat tsjinje faak as feestiten, ek as grutten dêr no krekt neat oan fine. Lykas de heit yn dit boek mei haadpersoan Jammie, in moaie namme yn dit ferbân. It hiele ferhaal giet oer iten en it lekker finen dêrfan. Wylst op de linkerpagina it ferhaal syn gong giet mei omke Dop de kok, stiet it kommentaar fan Jammie hieltyd op de rjochterpagina. It aardige dêrby is de werhelling. Nei in pear siden kinne bern al ynfalle mei de hearlik klinkende rits út de titel. Hieltyd deselde begjin-p lit bern it effekt fiele fan alliteraasje. Myn proefknyn die teminsten al rillegau fan herten mei as it jonkje neffens syn namme bearde fan jammie-jammie en appelsmots. Eins skriuwt men dat yn it Frysk fansels mei in y oan ‘e ein, mar goed, dêr seure wy dan mar net oer.
De yllustraasjes fan Carla van der Heijde soargje mei foar it oansprekkende karakter fan it boek. Benammen as kok-omke Dop en Jammie tegearre yn ‘e keuken teset binne mei it klearmeitsjen fan in hearlik miel iten. Spaghetty en pizzaboaiems fleane oer de bledsiden.
Jant van der Weg
(boekbesprek út it Friesch Dagblad)
Skreaun troch: Baukje Wytsma
Yllustraasjes: Carla van der Heijde
Leeftyd : 3+
Utjûn troch: Afûk, Ljouwert
Priis: € 9,95