Nije berneboeken

Ytboekje fan Wieke de Haan

Pleatst op: 12 oktober 2009 om 00:00

PlaatsjeIt koe fansels net misse mei sa’n tema as dat fan de Nederlânske Kinderboekenweek: Aan tafel! – eten en snoepen in kinderboeken. Dat bringt skriuwers op in idee en teminsten skriuwers dy’t dat tema alris earder by de ein hiene.

Ommers, skriuwster Wieke de Haan hat yndertiid yn it ramt fan har stúdzje it ferneamde itensiedersboek fan Simke Kloosterman, De Fryske Petiele, bewurke foar in nije útjefte (1986). Sels kaam se in tal jierren letter mei in eigen boek op dat mêd út, De nije petiele (1993). It lei dan ek hast foar de hân, dat der mei sa’n tema in Ytboekje mei allerhanne resepten foar bern fan har hân útkomme soe.
It is in tige oantreklik boekje wurden en net allinne troch syn ynhâld. It boekje hat in ringbân krige en is dêrtroch yn ‘e keuken hiel noflik om mei te wurkjen, better as al dy boeken mei stive kaften, dy’t net iepen lizzen bliuwe wolle.
Dat it der sa moai útsjocht is te tankjen oan de fotograaf en de yllustrator, dy’t it boekje syn foarm jûn hawwe. Allinne de namme fan de lêste stiet op it omkaft, al foarmje de foto’s fan Geartsje van der Zee no krekt de basis fan de yllustraasjes. Dêrom net, it is allinne al in plesier om it Ytboekje te besjen. Mar ek de resepten lêze is op himsels al mûltergjend. De yn in tal rubriken ûnderbrochte hapkes en drankjes slute goed oan by wat bern lekker fine. Aparte soarten sop en tradysjonele puddinkjes wikselje ôf mei ‘sjeekspul’ – in moaie nijfoarming foar de fruchte’shakes’ - en fansels lollys en koekje-en taartguod. In boekje dus dêr’t neist de bern ek âldere lêzers har wille oan belibje kinne. Om dy âlderen gerêst te stellen wurdt op de binnenflap fan it kaft fuort by it begjin al goede rie jûn by it snijen en it baarnen.

Jant van der Weg

(boekbesprek út it Friesch Dagblad)

Skreaun troch: Wieke de Haan
Yllustraasjes: Jacqueline van Leeuwenstein
Leeftyd: 8+
Utjûn troch: Bornmeer, De Gordyk
Priis: € 12,90

« Werom