De Simke Kloostermanpriis is in ûnderskieding foar it bêste Fryske berneboek oer in perioade fan trije jier.
Simke Kloosterman (1876 - 1938) wie sels in ferneamd skriuwster. Nei har ferstjerren is op har fersyk jild yn in fûns ûnderbrocht. Ut dat fûns wurdt sûnt 1983 ien kear yn de trije jier in bedrach beskikber steld foar de skriuwer, dy't neffens in deskundige sjuery foar de priis yn de beneaming komt.
Lês mear >>
* * *
Alle jierren kinne skoallen, ôfwikseljend út it basis- of fuortset ûnderwiis oan de Fryske Berneboekesjuery of Jeugdboekesjuery meidwaan. Bern binne de sjueryleden en bepale sels hokker boek en skriuwer de Sulveren Spjeld fertsjinnet.
Lês mear >>
* * *
Berneboeketiid 2010
Meitsje in kar út de njoggen
nije skriuwersprograms
foar skoalle, âlderjûn of
bibleteek.
Foar it bestelformulier
klik hjir